Peaskeaaien binne benammen dekorative aaien dy't brûkt wurde yn 'e fiering fan Peaske yn westerske lannen. Tradysjoneel wurde ferve aaien brûkt. De moderne gewoante is normaal om ynstee aaifoarmige sûkelade te brûken. Eieren wurde meastentiids fan tefoaren ferstoppe en dan fûn troch bern. It is in symboal fan Peaske en in manier om freonskip, leafde en goede winsken út te drukken. Kristenen brûke it aai as in metafoar foar "it begjin fan in nij libben" en in symboal fan "de opstanning fan Jezus en it kommen út it stiennen grêf".